Rits Baumgartner fan YKK

17 okt 2012 - 19:53

In bedriuw YKK, mei in fêstiging yn Snits, hat de rits levere foar it pak fan Felix Baumgartner. Dy makke snein as earste in parasjutesprong fan 39 kilometer hichte ôf. YKK wie troch de NASA benadere foar it meitsjen fan de rits. Dy moast oan spesjale easken foldwaan, sa moast er folle sterker wêze as in gewoane rits. YKK paste dêrfoar it ûntwerp fan besteande ritsen oan. Yn hokker fêstiging fan it bedriuw de rits krekt makke waard is net bekend makke.

Trefwurden: 
Snits rits Baumgartner YKK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)