Nijkleaster hast klear

17 okt 2012 - 17:26

De stichting Nijkleaster iepenet ein dizze moanne de doarren fan syn ûnderkommen yn Jorwert. It giet om de tsjerke, dy't spesjaal foar de stichting ferboud is. It ûnderkommen yn de tsjerke foarmet de opmaat nei in eigen kleaster fan de stichting. Dy hopet dat binnen sân jier te realisearen. Nijkleaster wol in plak wêze dêr't minsken ta rêst komme kinne en elkoar moetsje kinne, yn har syktocht nei it leauwen. It giet om in inisjatyf fan dûmny Hinne Wagenaar en syn frou Sietske Visser.

Trefwurden: 
Jorwert Nijkleaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)