Meldkeamer moat Frysk ferstean

17 okt 2012 - 17:00

By de meldkeamer Fryslân moat altyd in meiwurker oanwêzich wêze dy't Frysk ferstiet. Dat advisearret de provinsje oan de Feilichheidsregio Fryslân. Dy frege de provinsje advys nei oanlieding fan in tal klachten oer it Frysk ferstean by de meldkeamer. By de beneaming fan nij persoaniel soe der ek rekken mei hâlden wurde moatte dat minsken oannommen wurde út alle trije provinsjes dy't de meldkeamer betsjinnet. Dat soe fan belang wêze foar de geografyske kennis fan de meiwurkers. Ek soe har in kursus Frysk ferstean oanbean wurde moatte.

It folgjen fan dy kursus soe wol frijwillich wêze moatte. De Feilichheidsregio sil it advys meikoarten beprate.

Trefwurden: 
Frysk meldkeamer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)