Feilichheid foar âlderein

17 okt 2012 - 15:08

Yn Ljouwert wie by Thússoarch Het Friese Land woansdei de earste fan seker fjouwer foarljochtingsgearkomsten wêryn't de plysje âlderein foarljochtet oer feilichheid. Doel is âldere minsken troch foarljochting en tips striidberder te meitsjen tsjin bygelyks dieven dy't mei in babbeltrúk jild stelle wolle. Neffens de plysje binne ek oare Thússoarch ynstellings no ynteresearre yn dat konsept en krijt it seker in ferfolch.

Besocht wurdt ek it feilichheidsgefoel te ferheegjen sadat minsken minder benaud wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)