Man ferwûne by fal út beam

17 okt 2012 - 11:32

Tiisdei is in 67-jierige man út Dronryp ferwûne rekke by in fal út de beam. It slachtoffer hie in trep tsjin de tûke fan in beam set doe't de tûke ôfbruts en de man op 'e grûn terjochte kaam. De man is mei ûnbekend letsel nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Dronryp ferwûne beam
(advertinsje)