Aksje foar behâld byb Warkum

17 okt 2012 - 11:02

Skoalbern út Warkum hawwe woansdeitemoarn hûnderten hantekens oanbean oan de direksje fan de biblioteek Súdwest-Fryslân. Mei dy hantekens wolle se foarkomme dat de biblioteek fan Warkum ticht giet. De biblioteek ferdwynt mooglik om't de gemeente 4 ton besunigje wol. Ek trije oare biblioteken moatte dêrom mooglik ticht. De gemeenteried praat letter dizze moanne oer de plannen.

Trefwurden: 
biblioteek Warkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)