Oaljeslachtoffers yn Fûgelpits

17 okt 2012 - 09:58

Yn fûgelasyl de Fûgelpits yn Moddergat sitte op it stuit fiif oaljeslachtoffers. De fûgels, ûnder de stookoalje, binne earder op it strân fan Skiermûntseach oantroffen. Op It Amelân en Skiermûntseach binne noch 30 deade fûgels fûn. Wêr't de oalje weikomt, is noch ûnbekend.

(advertinsje)