Pleit foar otterfreonlike fûke

© Omrop Fryslân
Beropsfiskers soene sa gau mooglik oergean moatte op otter-freonlike fiskfûken. Direkteur Addy de Jongh fan Otterstasjon Nederlân freget steatssiktaris Bleker yn in brief om dat type fûken ûnder de oandacht te bringen fan beropsfiskers en dêr subsydzje foar te jaan.
Ferline wike waard yn de Tsjonger in otter dea fûn yn in fiskfûke mar der binne ek fûken dêr't de otters útkomme kinne. Yn de brief stiet fierder dat it in min idee is dat Bleker otters útsette wol yn it Grote Rivieren-gebiet. Dêr soene dioksines en PCB's yn it wetter sitte.
Bleker wurdt der ek noch op wiisd dat hy net goed op'e hichte is. Bleker skriuwt yn in brief oan de Twadde Keamer dat otters gjin iel ite, wylst iel neffens de Jongh it favorite iten is fan de otter.