Accent nimt AB-Telecom oer

It gebou fan Accent Automatisering yn Snits © Google Streetview
It bedriuw Accent Automatisering út Snits hat it Stienser AB-Telecom oernommen. De trije meiwurkers fan AB-Telecom sille fierder oan de slach by Accent. It bedriuw út Snits mei tritich wurknimmers levert tsjinsten en produkten foar de ynformaasje technology. De oername fan AB-Telecom betsjut foar Accent in fierdere útwreiding fan it tsjinstepakket en it fersterkjen fan de posysje op de merk.