Noch twa grêfkisten by Dokkum

16 okt 2012 - 17:30

Yn Dokkum binne noch twa grêfskisten fûn oan de Kloostersingel. Tiisdei hat der in archeologysk buro by west en dy hat de beide kisten bleatlein. It wurk fan Vitens leit sowieso no foar langere tiid stil. Der moat no earst besjoen wurde hoe't de trije kisten it bêste útgroeven wurde kinne en hoe't se fierder ûndersocht wurde moatte.

Omdat it deksel fan 1 stik hout makke is, tinkt de archeolooch dat de kisten út de midsieuwen komme moatte. Hokker tiid moat noch fêststeld wurde. Yn dy tiid wie der in begraafplak by it kleaster.

Trefwurden: 
Dokkum grêfkisten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)