Fallisemint Taekema oanfrege
De direksje fan betonstielbedriuw Taekema yn Twizelerheide hat moandei it fallisemint oanfrege. It bedriuw koe de ôfrûne moanne it lean fan syn 35 meiwurkers net mear betelje. Taekema sit finansjeel yn swierwaar, de bank wol net dat it bedriuw noch fierder yn it read sakket.