Woudagemaal op stoom brocht

16 okt 2012 - 11:10

It Woudagemaal by De Lemmer is tiisdei, woansdei en tongersdei yn gebrûk en iepen foar publyk. It gemaal is oanset om it personiel yn de praktyk op te lieden. Dat bart twa kear yn it jier. Sa kin de wurking fan it gemaal garandearre wurde.

Begjin dit jier stie it gemaal noch bot yn de belangstelling om Fryslân te ferlossen fan it oerstallich reinwetter. Dêr kamen doe 15.000 besikers op ôf. Yn totaal ha der oant no ta 37.000 besikers west. Dat is hast fiif kear mear as foardat it gemaal in besikerssintrum hie.

Trefwurden: 
Woudagemaal
(advertinsje)