Leare fan Flamingen

16 okt 2012 - 08:17

Produsinten fan streekprodukten út Fryslân binne dizze dagen op besite yn Flaanderen om te sjen hoe't it dêr om en ta giet. Ein septimber wiene Flaamske plattelânsûndernimmers hjir al te gast. Op dizze wize wolle se sjen nei nije produkten en ôfsetgebieten. It projekt wurdt betelle mei Europeesk jild en is bedoeld om de ekonomy en de leefberens op it plattelân te ferbetterjen.

Fryslân kin neffens Henk Pilat fan de Stifting Wrâldfrucht wol wat leare fan de Flaamske oanpak. Dêr wurdt folle mear wurke mei arranzjeminten.

Trefwurden: 
streekprodukt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)