Ljouwert posityf oer KH2018

Der moat dúdlikens komme oer de posysje fan Ljouwert yn it bidbook en oer de hichte fan 'e bydrage fan it bedriuwslibben oan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Dat is de wichtichste krityk dy't de riedsleden hawwe op de plannen foar de kandidatuer fan Ljouwert as kulturele haadstêd yn 2018. Ferline wike waarden dy plannen presentearre.
De ried wol garânsjes hawwe dat it bedriuwslibben ek echt jild op it kleed leit. Neffens boargemaster Crone komt dat wol klear as helder is dat Ljouwert de titel binnen hat.
Crone fynt dat de posysje fan de stêd en de aktiviteiten goed genôch nei foaren komme yn de plannen. Sa't it no liket, stimt in mearderheid fan de riedsleden yn mei de kandidatuer.