Alde minsklike bonken fûn

15 okt 2012 - 22:57

By graafwurk yn Dokkum binne moandeitemiddei minsklike bonken fûn. De resten datearje nei alle gedachten fan foar 1600. De bonken leinen yn in kiste. De fynst waard dien op 'e hoeke fan de Anjelierstrjitte en de Kloastersingel yn it sintrum fan de stêd. Wetterbedriuw Vitens wie dêr oan it graven. Foar it jier 1600 wie op it plak in begraafplak.

It wurk is fuortendaliks stillein. De bonken binne ôfskerme en it fynplak is ôfset. Mooglik lizze der noch mear âlde grêfkisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)