'Net ynjekteare op klaaigrûn'

De melkfeehâlders op de klaaigrûn komme yn 't gewear tsjin it ferbod om jarre mei de sleepfoettechnyk op it lân te bringen. De jarre moat nei 1 jannewaris 2014 ynjekteard wurde, lykas no al it gefal is op sân- en feangrûn. De maatregel komt út Brussel en is bedoeld om de útstjit fan ammoniak noch fierder tebgek te kringen. Steatssiktaris Bleker fiert de maatregel út.
Mar jarre ynjekteare is op hurde klaai net mooglik, sizze de boeren. De grûn is dêr simmerdeis te hurd foar. Neffens feehâlder Douma moat Bleker him better ynformearje litte.