ONS-Ajax op Sudersportpark

15 okt 2012 - 15:47

De bekerwedstriid tusken ONS Boso Snits en Ajax op woansdei 31 oktober wurdt definityf op it Sudersportpark spile. Dat is de útkomst fan it oerlis tusken gemeente en fuotbalklup.

De akkomodaasje fan ONS moat noch wol oanpast wurde. Achter de goals sil ek besocht wurde om tribunes del te setten. Slagget dat, dan is der plak foar 7500 taskôgers. Is it net mooglik om dy sitplakken te meitsjen, dan hâldt it mei 6000 minsken op. Op dit stuit binne der al 5000 kaarten fersein.

Ek Snits Wyt Swart Boso Snits hat grien ljocht krigen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Snits Wyt Swart spilet op 1 novimber foar de KNVB-beker tsjin earedivisionist AZ út Alkmaar. Op it Sportpark oan de Molenkrite kinne goed 4000 minsken nei de wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)