Cousteau yn aksje foar Morgan

15 okt 2012 - 14:25

De soan fan de ferneamde djipseedûker en filmer Jacques Cousteau makket him sterk foar it frijlitten fan orka Morgan, dy't yn juny 2010 ferdwaald rekke yn de Waadsee by It Amelân. Jean-Michel Cousteau seit yn in ynterview mei de Huffington Post dat de oseaan syn orka werom krije moat en dat hy dêr kampanje foar fiere wol.

Op 1 novimber tsjinnet foar de Amsterdamske rjochtbank in nije saak om Morgan út it pretpark Loro Parco op Tenerife en werom yn see te krijen. Cousteau wol ek by de behanneling fan dy saak wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)