Oerlis oer Fryske 112-meldings

De Feiligheidsregio Fryslân praat woansdei oer mooglike oplossings foar it probleem mei Fryske 112-meldings. Se dogge dat oan de hân fan in rapport dat skreaun is oer in ynsidint fan in heal jier lyn. In Fries woe doe yn de eigen taal in melding trochjaan, mar der wie net ien dy't it Frysk machtich wie.
Itselde barde ferline wike tongersdei by de melding fan de grutte brân yn Boazum. Yn it rapport dat no makke is steane fjouwer mooglike oplossings foar it probleem. Hokker oplossings dat binne is net bekend makke.