Nijbou iistidemuseum set útein

15 okt 2012 - 13:50
  • Beharkje ús reportaazje

De nijbou en werynrjochting fan it iistidemuseum yn Bûtenpost is moandei los gien. It projekt is begrutte op 150.000 euro. Omdat it wurk troch in soad frijwilligers dien wurdt en ûnder mear de provinsje subsydzje jout, moat it bestjoer noch in tekoart fan 10.000 euro dekke. Dat liket te slagjen troch jeften fan it bedriuwslibben en de útjefte fan sertifikaten fan 25 euro it stik.

Foarsitter Kloosterman fan it museum is wiis mei de útbou. De kwaliteit fan it museum wurdt sa ferbettere. Ek komme der mear mooglikheden foar edukaasje.

(advertinsje)