Fytster Amelân rekket ferwûne

15 okt 2012 - 09:54

In fytster (75) út it Dútske Schwelm is sneon ferwûne rekke by in ûngelok op It Amelân. De bestjoerder (25) fan in bestelauto ferlear yn in bocht op de Burenwei de macht oer it stjoer. De auto ried rjochtút en bedarre op it fytspaad. Dêr fytste in groep Dútske toeristen. De frou waard troch de auto rekke en foel yn 'e sleat neist de dyk.

De bestjoerder en tsjûgen hellen de frou út it wetter. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr die bliken dat de frou ferskate bonken brutsen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)