Kassenberg wint NK maraton

15 okt 2012 - 09:08

Hurdrinster Yvonne Kassenberg fan Ljouwert is snein yn Eindhoven Nederlânsk kampioene wurden op de maraton. Se wie mei 2.47,42 de rapste yn har leeftydskategory 35+. Se ferbettere har persoanlik bêste tijd mei mear as 2 minuten.

De rapste Nederlânske frou wie Miranda Boonstra. Sy rûn 2.28,18.

(advertinsje)