Fergoeding guozzeskea probleem

Boeren ha noed oer de skeafergoeding foar guozzeskea. Op dit stuit wurde boeren yn gedoochgebieten betelle om de guozzen frette te litten. Boeren dêr bûten kinne oanspraak meitsje op in skeafergoeding. Mar fan 1 jannewaris ôf moat earst 300 euro betelle wurde foardat der skeafergoeding oanfrege wurde mei.
Yn Nederlân wurde 2,5 miljoen mear guozzen opheind as fan Europa moatte soe, mar in soad oanfragen foar skeafergoeding wurde ôfwiisd. De Nederlandse Melkveehouders Vakbond fynt dat Fryslân dêrfan ôf moat, troch guozzen te ferjeien.