Earste kompetysjewinst LDODK

De kuorballers fan LDODK ha yn Wageningen de earste oerwinning fan it seizoen pakt. Yn in wiere thriller pakte de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool in 18-17 oerwinning. Beide ploegen holden inoar de hiele wedstriid yn lykwicht. It spektakel siet him yn 'e sturt fan de striid.
Mei noch 5 minuten op 'e klok stie der in tuskenstân fan 17-16 op it boerd yn it foardiel fan LDODK. Fan de strafworpstip miste de thúsploech de lykmakker, mar yn deselfde oanfal wie it wol raak: 17-17. Yn de slotminút makke LDODK úteinlik de winnende treffer.
Winst wie der ek foar Mid-Fryslân dat yn Wormer mei 19-15 te sterk wie foar Groen Geel.