Zwart topskutter foar Oranje

© awfoto.nl
De kuorballers fan Jong Oranje ha de earste wedstriid op it WK kuorbal ûnder 23 jier mei 46-12 wûn fan Yndia. De seleksje fan bûnscoach Wim Scholtmeijer wie fierstente sterk foar Yndia. Erwin Zwart fan LDODK wie mei acht treffers topskoarder foar Oranje, tegearre mei Francy Crielaars. Ek Sieta Bijker fan LDODK spile in hiele wedstriid yn it Oranje-shirt.
Ek de twadde wedstriid tsjin Ingelân waard sneintemiddei wûn mei 22-14.
It WK ûnder 23 jier fynt plak yn Barcelona en duorret oant en mei 20 oktober.