Plysje pakt man Noardwâlde op

De plysje hat sneontenacht in man út Noardwâlde (22) oanhâlden. De man wie in hûs oan de Twijgstraat binnendrongen en fernielde dêrby it rút fan in doar. Hy sloech de bewenner (21) yn it gesicht en naaide dêrnei út.
De man koe letter oanhâlden wurde yn in hoarekagelegenheid. De fertochte wie yn it besit fan in mes. Dat is troch de plysje yn beslach nommen. De fertochte is ynsletten. De oanlieding foar de mishanneling leit neffens de plysje yn de relasjonele sfear.