Plysje hâldt strjitrôvers oan

14 okt 2012 - 13:11

De plysje hat sneontenacht in Ljouwerter (24) en in Grinzer (23) oanhâlden nei in strjitrôf. Sy wurde derfan fertocht dat se op de Foarstreek ûnder bedriging in Ljouwerter jonge (19) berôven. De jonge waard twongen om syn mobile tillefoan ôf te jaan.

Op oanwizing fan dizze jonge en inkelde tsjûgen koe de plysje nei koarte tiid de twa oppakke. De tillefoan waard net oantroffen. De fertochten binne ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
strjitrôf Foarstreek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)