CU: soarch oer Suderseejilden

14 okt 2012 - 12:49

De ChristenUnie yn provinsjale steaten makket him soargen oer it jild dat Fryslân krije soe foar it net trochgean fan it Suderseespoar. Neffens de partij is der in kâns dat it Ryk syn part weromfreget, no't ferskate mobiliteitsprojekten yn it Noarden fuortfalle.

Sa waard al in streek helle troch it spoar It Hearrenfean-Drachten-Grins. De ôfrûne wike makke de gemeente Hearrenfean bekend dat it mobiliteitsprojekt Bereikbaarheid Heerenveen net trochgiet. Dêrmei ûntbrekt de ferplichte ko-finansierring fan 15 miljoen euro foar dit projekt.

De provinsje wol ryksjild dat net brûkt wurdt ynsette op oare projekten, lykas de Sintrale As.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)