SCO pakt winst nei einsprint

De kuorballers fan SCO ha sneon mei 17-15 wûn fan Amicitia. Op sportpark De Hoolt-Tuun seach it publyk de gasten út Vriezenveen yn de earste helte útrinnen nei in 12-7 foarsprong. Krekt foar it skoft makke SCO in wichtige treffer, wêrtroch de efterstân by it skoft beheind bleau oant 12-8.
Yn de twadde helte heakke de doelpuntemasjine fan Amicitia en kaam de thúsploech stadichoan tichteby. Nei in knappe ynhelrace wist SCO de swierbefochten oerwinning yn de slotfaze dochs noch binnen te slepen.
De kuorballers út Aldeholtpea steane mei 6 punten út 7 wedstriden op it fyfde plak yn de haadklasse A.