Beimers betocht yn Tanzania

13 okt 2012 - 15:00

It is dit jier 45 jier lyn dat Tryntsje Beimers fan Sint Anne nei Tanzania yn Afrika ôfreizge om dêr de sindingspost Kilangala op te setten. Beimers ferstoar fiif jier lyn en liet in sikehûs, ûnderwiis, fakopliedings en in lânbouprojekt nei. In delegaasje fan de Fryske Stichting Tryntsje Beimers reizge foar it jubileum nei Afrika.

Dêr moat it roer no om: de sindingspost moat him tenei sels rêde kinne. It grêf van Tryntsje Beimers, oan de râne fan Kilangala, is grut. Dat seit wat oer hoe't se wurdearre waard.

Evangelisaasje wie foar frou Beimers it wichtichste, mar dan troch it opsetten en regeljen fan praktyske saken as in sikehûs, berne-opfang, ûnderwiis en lânbou. Der wenje in pear hûndert minsken op Missypost Kilangala. 45 jier lang is der foaral jild en guod jûn, mar de klam leit tsjinstwurdich op de ûntwikkeling fan de mienskip troch ûnderwiis. Sadat de minsken leare om foar harren sels te soargjen.

De Fryske delegaasje dy't op besite komt foar it jubileumfeest bestiet út Pytsje Kampen, de foarsitter fan de Tryntsje Beimers Stichting en Ida Beimers, de siktaris. Der wurdt hurd wurke om alles klear te meitsjen foar it jubileumfeest: in poadium wurdt mei man en macht út 'e grûn stampt en it koar oefenet alle dagen. Der wurdt rekkene op hûnderten besikers út oare doarpen.
It gewoane wurk op 'e sindingspost giet ek troch. Bern sûnder âlden wurde fersoarge, beukers krije les op skoalle, en op de ambachtsskoalle en it naaiatelier wurde minsken oplaat foar in diploma. Op de dei fan it jubileumfeest sit de sfear der al gau yn. En de Stichting Tryntsje Beimers komt mei kado's: naaimasines foar de slagge famkes fan de naaioplieding en ark foar de oankommende boufakkers. De stichting wurket sûnt in pear jier gear mei it Zeister Zendings Genootschap. Dy besykje ek om Kilangala wat selsstanniger te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)