Flyers feie Amsterdam fan iis

13 okt 2012 - 13:36

De iishockeyers fan Friesland Flyers ha freed yn eigen hal tsjinstanner Amsterdam mei mar leafst 10-0 fan it iis fage. Kevin Bruijsten iepene de Feanster skoare nei sân minuten. Kevin Nijland brocht de stân op 2-0.

Yn de twadde perioade kaam de Fryske doelpuntemasjine op stoom. In hattrick fan Jerry Pollastrone soarge yn koarte tiid foar 5-0. Ek yn de tredde perioade bleaunen de Flyers jachtsjen op doelpunten. Goals fan Tony Demelinne, Michael Nason, Brent Janssen en Aldo van Aalderen soargen úteinlik foar de romme oerwinning.

De Flyers steane nei 3 wedstriden boppe-oan tegearre mei Eindhoven. De ploech fan coach Chris Eimers ferlear de earste thúswedstrijd tsjin Tilburch krekt nei de beslissende penalty's. De twadde wedstriid waard ferrassend wûn fan lânskampioen Geleen. Sneontejûn stiet de topper tsjin Eindhoven op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)