Plysje nimt auto's yn beslach

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje fan Ljouwert hat sneontemoarn om 5 oere de auto fan in Ljouwerter (26) yn beslach nommen. De plysje seach de man mei hege snelheid op de Skrâns riden. Doe't se it kenteken kontrolearren, seagen se dat dat ûnjildich wie. Op de Foarstreek waard de man oanhâlden en doe die bliken dat syn rydbewiis foar in eardere oertreding ynnommen wie. De man moast syn auto ynleverje en krige
proses-ferbaal.
Op de Kelders waard freedtenacht in Ljouwerter (21) foar de sechde kear oanhâldejn foar riden sûnder rydbewiis. Ek hy rekke syn auto kwyt.