Auto oer de kop by De Blesse

13 okt 2012 - 12:50

In 21-jierrige man út Oldemarkt is freedtenacht mei syn auto oer de kop gien op de Stienwikerwei yn De Blesse. De man ried fan Wolvegea rjochting De Blesse doe't hy by in fluchtheuvel de kontrôle oer de auto ferlear. Hy rekke in beam en sloech dêrnei oer de kop. De auto skeat troch en rekke de gevel fan in hûs en in parkearde auto.

De bestjoerder rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)