'BobSport-kampanje wurket'

13 okt 2012 - 12:26

It tal Fryske sportleafhawwers dat mei drank op achter it stjoer krûpt, nimt ôf. Dat hawwe provinsje en it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân bekend makke. Dat soe komme troch de BobSport-kampanje dêr't tusken febrewaris en juny in proef mei útfierd is yn Fryslân.

Promoasjeteams giene op besite by fuotbal-, hockey-, kuorbal- en tennisferienings. Dêr makken se Bob-ôfspraken mei sporters en supporters en dy ôfspraken waarden nei de tiid ek kontrolearre. De effekten fan de kampanje soene yn Fryslân grutter wêze as op guon oare plakken.

Ferline jier hie dik trijekwart fan de bestjoerders gjin alkohol ynnommen en dat is no mei sa'n 9 prosint tanommen oant hast 85 prosint nuchtere riders. Der hawwe fiif provinsjes meidien oan de BobSport-kampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)