Measte Boazumers wer thús

13 okt 2012 - 12:01

De measte ynwenners fan Boazum binne sneon wer werom kaam yn harren huzen. Ofrûne tongersdei is in loads yn it doarp ôfbrând, dêr't in soad asbest by frijkaam. Guon Boazumers moasten dêrom evakuearje. In skjinmakbedriuw rommet no alles op.

Sadree't de situaasje feilich wie krigen de ynwenners in tillefoantsje fan de gemeente mei de meidieling dat se wer nei hûs koene. Neffens ferwachting binne der twa huzen dy't noch even leech bliuwe moatte omdat dêr noch tefolle asbest sit. Alle oare bewenners koene yn de rin fan sneon wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
brân asbest Boazum thús
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)