'BNR goed foar Fryske ekonomy'

13 okt 2012 - 10:35

De live útstjoerings fan BNR radioprogramma Zakendoen met Fryslân hawwe goed west foar de ekonomyske ûntwikkeling yn Fryslân. Dat seit Alvin Sibbald fan Fan Fryslân, dat de radioútstjoerings mei organisearre hat. Freed wie de lêste útstjoering fanút Ljouwert.

Mei-inoar hawwe der seis programma's west. De provinsje, mar ek oare organisaasjes hawwe ien euroton yn de kampanje stutsen. Oer in pear moanne ferwachtet projektlieder Sibbald ûndersocht te hawwen wat de BNR-programma's opsmiten ha.

Hy hopet dat Fryske bedriuwen mear saken dwaan sille mei bedriuwen oer de grins troch de radioútstjoerings.

Trefwurden: 
Fan Fryslân radio BNR
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)