Frou S'fean thús oerfallen

De plysje wie der gau by, mar de oerfallers wiene doe al fuort © www.112-nof.nl
In frou fan 78 út Surhústerfean is freedtejûn yn har hûs oan de Omloop oerfallen. Om likernôch 10 oere hinne hearde de frou bûtendoar in frjemd lûd en even letter stiene der trije manlju by har yn de sliepkeamer. De ynbrekkers trochsochten de sliepkeamer, mar doe't de frou om help begûn te roppen, naaiden se út.
It slachtoffer rekke net ferwûne, mar wie wol bot oerstjoer. De ynbrekkers hiene in doar fernield om der yn te kommen. De plysje ropt minsken dy't wat sjoen hawwe op om harren te melden.