Lintsje foar brânwachtman
André Kooistra (42) fan de brânwacht yn Frjentsjerteradiel is freed keninklik ûnderskieden. Kooistra waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau omdat er him al tweintich jier as frijwilliger ynset foar de brânwacht. De ûnderskieding waard útrikt troch boargemaster Fred Veenstra op de jierlikse feestjûn fan de brânwacht Frjentsjerteradiel.
Op de feestjûn waard ek ôfskie naam fan Sjoeke Tuinenga. De 57-jierrige frou Tuinenga hâldt nei 25 jier op mei har wurk foar de brânwacht.