Fryske literêre prizen útrikt

12 okt 2012 - 17:32
  • Jan Durk de Haan wie by de útrikking

Sawol de sjuerypriis as de Fedde Schurer Publykspriis giet dit jier nei skriuwster Elske Kampen, foar har dichtbondel Fan glês it brekken. Dat is freed bekend makke yn Tresoar yn Ljouwert. De priis waard útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries. De sjuery priizge Kampen foar har kwaliteiten. Oer de priiswinnende bondel sei de sjuery dat it in kwetsber en moedich boek is.

Op deselde gearkomste waard ek de Obe Postmapriis útrikt, oan Anne Tjerk Popkema, foar syn Fryske oersetting fan De Hobbit fan Tolkien.

By it útrikken fan de prizen wie in koart protest tsjin it ôfskaffen fan dy prizen. De provinsje fynt dat der tefolle literêre prizen binne en wol allinnich de Gysbert Japicxpriis oerhâlde. Dêrfan wurdt dan it prizejild ferhege fan 5000 nei 10.000 euro. De skriuwers fine it skande dat der gjin priis mear is foar in oersetting of in literêr debút.

(advertinsje)