Biografy oer Jelle Zijlstra

Jelle Zijlstra
De Ryksuniversiteit yn Grins siket in promovendus dy't in biografy oer de eardere minister-presidint Jelle Zijlstra skriuwe wol. Zijlstra is de iennichste minister-presidint dêr't noch gjin biografy oer bestiet. De promovendus krijt fjouwer jier de tiid om yn it libben fan Zijlstra te dûken.
Zijlstra waard yn 1918 yn Easterbierrum berne. Yn 1966 en 1967 wie er minister-presidint, dêrnei waard er presidint by De Nederlandsche Bank. Zijlstra ferstoar yn 2001. Nije wike komt der in advertinsje yn de kranten dêr't de biograaf mei socht wurdt.