Dieven op paad yn Wâlterswâld

12 okt 2012 - 12:41

Tongersdei is besocht om guod te stellen by in bedriuw oan de Broekloane yn Wâlterswâld. De ynbrekkers waarden omtrint middernacht betrape en binne flechten fia in stek dat stikken makke wie. Yn Driezum binne mooglik de skuon en klean fan de ynbrekkers oantroffen. Der is mei in plysjehûn nei de dieders socht. Der binne noch gjin fertochten oanhâlden.

Trefwurden: 
Wâlterswâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)