Foppe beneamt Sandor vd Heide

12 okt 2012 - 12:10

Sandor van der Heide is takom wike de oanfierder fan it team fan Foppe de Haan yn de wedstryd Foppe versus Marco. De wedstryd wurdt woansdei spile yn it Abe Lenstra stadion. De opbringst fan de wedstryd giet nei it Foppe Fûns en Kika.

Harkemase Boys en ONS Snits binne de hofleveransiers fan it team fan Foppe. Beide leverje fjouwer spilers. De wedstryd wurdt takom wike rjochtstreeks útstjoerd op Omrop Fryslân televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)