Spul om beamkap by buorlju

12 okt 2012 - 11:30

De gemeente It Bilt hat in ynwenner fan Sint Jabik in kapfergunning jûn foar seis beammen dy't by de buorlju yn de tún stiene. Mei dy fergunning hat de man de beammen by de buorlju yn de tún omseage. De minsken dêr't it om giet binne poerrazend en wolle in saak oanspanne tsjin de gemeente en tsjin har buorlju. De beammen stiene al fyftich jier yn de tún fan it saneamde âlde doktershûs.

De gemeente It Bilt seit dat se gjin flaters makke ha by it ferlienen fan de kapfergunning.

Mei de 'bewuste' fergunning binne de beammen omseage troch de buorman fan it ryksmonumint. Ta grutte skrik fan de bewenners, want die wiene net thús doe't de beammen fuorthelle binne. Der is no spul oer op wa syn grûn de beammen eins stiene.

Trefwurden: 
Sint-Jabik It Bilt beamkap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)