Opkomst saak-Vaatstra 89%

12 okt 2012 - 09:09

Goed 89 persint fan de manlju dy't oproppen waarden om DNA-materiaal ôf te stean yn de saak Vaatstra hat meidien oan it ûndersyk. Yn De Westereen wie de opkomst 96 persint. Dat meldt justysje freed. Tongersdei wie de lêste dei fan it grutskalige DNA-ferwantskipsûndersyk. De ôfrûne twa wiken koene de manlju op ferskate plakken wangslym ôfstean. Alle meunsters wurde yn it Forensysk Ynstitút yn Den Haach ûndersocht. De hope is dat mei dat materiaal famylje fan de moardner fan Marianne Vaatstra fûn wurdt, sadat de saak dan oplost wurde kin.

De plysje sil de manlju dy't net meidien ha benaderje mei de fraach om dochs noch mei te wurkjen. Bliken hat dien dat fan de 8080 manlju dy't yn 1999 tusken de 16 en de 60 jier wiene, yntusken 358 ferstoarn binne. Trijehûndert binne ferhuze nei in plak bûten de trije noardlike provinsjes en hûndert nei it bûtenlân. Foar sa fier mooglik sille sy ek benadere wurde om mei te dwaan oan it DNA-ûndersyk.

Trefwurden: 
DNA Vaatstra opkomst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)