Boazum: ruten en doarren ticht

12 okt 2012 - 06:04

Minsken dy't bûten it gebiet yn Boazum wenje, dêr't mooglik asbest delkaam is nei de brân, wurdt advisearre de ruten en doarren ticht te hâlden. Se meie har hûs wol út.

It gebiet om de brân yn Boazum hinne is ôfset. It giet om De Havens, It Blaukeesje, It Oerd en de Pôlle. Minsken meie dat gebiet net yn. Freed wurdt begûn mei it oprêden fan de asbest.

Trefwurden: 
brân asbest Boazum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)