Stasjon Zwolle wykein ticht

11 okt 2012 - 22:43

It stasjon fan Zwolle is freed, sneon en snein hielendal ticht fanwege wurk oan it spoar. Der wurdt in ekstra perron oanlein. Sa kinne der mear treinen fan en nei Zwolle ride.

De wurksumheden ha grutte gefolgen foar reizgers dy't fanút Fryslân mei it iepenbier ferfier nei in oar part fan it lân wolle. Sa wurde der bussen ynset op it trajekt fan Meppel nei It Harde. De reizgers binne sa'n healoere langer ûnderweis.

Trefwurden: 
stasjon wurksumheden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)