Evakuaasje by brân Boazum

11 okt 2012 - 21:19

Bewenners fan yn totaal santjin wenten yn De Havens yn it sintrum fan Boazum koene tongersdeijûn net werom nei harren hûs. Der waarden tefolle skealike stoffen mjitten nei oanlieding fan de grutte útslaande brân earder op de jûn yn in grutte loads oan De Havens. De buertbewenners waarden opfongen yn it kafee yn it dorp. Trije hiene problemen mei it sykheljen. Twa binne út foarsoarch oerbrocht nei it sikehûs. Fierders rôp de plysje de minsken yn it doarp op om ruten en doarren ticht te hâlden.

Ferskate brânwachtkorpsen yn de omjouwing holpen om de brân te bestriden. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân asbest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)