Lintsje foar koster Geertsma

Lintsje © ANP
Koster Dirk Geertsma fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer hat tongersdei in keninklike ûnderskieding krigen. Geertsma is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau en krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel.
Geertsma krijt it lintsje ûnder oare foar al syn frijwilligerswurk foar de tsjerke yn de ôfrûne 25 jier en foar syn ynset foar de âlderein by ferskate wurksumheden.