Burdaard krijt Omnibus

11 okt 2012 - 18:09

Fan moandei 29 oktober ôf hat Burdaard wer iepenbier ferfier. Op dy dei begjint Doarpsbelang mei in eigen Omnibus. De bus sil skoalbern en oare belangstellenden ferfiere nei Stiendaam, dêr't se oerstappe kinne op de bus nei Dokkum of Ljouwert. Doarpsbelang Burdaard presintearre de plannen tongersdei op in sympoasium oer ferfier op it plattelân fan de provinsje Fryslân.

De provinsje is dwaande mei in subsydzjeregeling foar oanfollend ferfier op it plattelân. Yn dy subsydzjepot komt 450.000 euro.

De Burdaarder Omnibus is ien fan de earste inisjativen dy't jild krije sil út de nije subsydzjepot fan de provinsje Fryslân. Deputearre Jehannes Kramer ferwachtet dat der nei de inisjativen yn Burdaard en de Plusbus fan Opsterlân noch folle mear lytsskalige ferfiersinisjativen ûntstean sille op it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)