Boppeslach Kafee oer doping

11 okt 2012 - 17:08

Boppeslach Kafee giet tongersdei oer it rapport oer Lance Armstrong. De Amerikaan dy't sân kear de Tour de France wûn, wurdt beskuldige fan dopinggebrûk.

Simone Scheffer praat ûnder oare mei âld-hurdfytser Eddy Schurer. Schurer stie begjin jierren '90 foar de beslissing om doping te brûken of om anonym mei te riden yn it peloton. Op syn tritichste is Schurer ophâlden mei syn hurdfytskarriêre. Oare gasten binne LC-sjoernalist Andries Hoekstra en Omrop Fryslân-sjoernalist Andries Bakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)